Stêden

Deel:

Stêden


Boalsert

Boalsert is de iennichste noch selsstannige stedsgemeente fan Fryslân. De stêd lei yn de Midsieuwen strategysk foar ferkear oer it wetter en hannel. Der wie ferbining mei de Middelsee en troch de Marneslinke mei de Sudersee. Hoewol ‘t de wetterwegen tichtsliken, bleau Boalsert te berikken foar wetterferkear en koe opbloeie as hannelsplak. It rekke ferbûn oan de Hanze.

De oarsprong is noch te fielen oan de terpen by de Martinitsjerke en by de Hoogstraat: De lêste wie de hannelsterp. Boalsert wie in tsjerklik sintrum foar in wide omjouwing. Neist it Marktplein leit de belangrike grêft

Dokkum

Dokkum is ien fan de âldste stêden fan Fryslân. Yn 754 waard de Angelsaksyske misjonaris Bonifatius by Dokkum fermoarde. Al gau kamen der beafeartsgongers nei dit martlersplak.

De terpedelsetting hie troch it Djip in iepen ferbining nei see en ûntwikkele him yn in flot tempo as hannelsplak. Yn de 11e ieu mocht Dokkum sels munt slaan. Oan it ein fan de 13e ieu hie it in eigen stedsbestjoer. Yn de 15e ieu kamen der wâlen om de stêd hinne en ein 16e ieu wie it in regelmjittige bastionearre festing. De festingwâlen wurde al sûnt lange tiid brûkt as kuierpaden om Dokkum hinne. De frijw

Frjentsjer

Frjentsjer wie yn de Midsieuwen de belangrykste stêd fan noardlik Westergoa. Frijwat fername aadlike lju bouden dêr harren stinzen en staten. Albrecht fan Saksen fêstige yn 1498 syn gesach fan Frjentsjer út wei.

Op de Voorstraat tuorret it Martenahûs boppe de oare bebouwing út. Dizze stedsstate bestiet út twa fleugels, mitsele fan ôfwikseljende lagen reade en giele bakstien mei yn de oksel in hege achtkantige treptoer. It Martenahûs hat altyd deftich bewenne west en lange tiid wie it ek yn gebrûk as riedhûs fan de gritenij en plattelânsgemeente Frjentsjerteradiel, dy‘t om de s

Harns

De stêd Harns hat syn groei en bloei te tankjen oan de see. It wie ynearsten in buorskip fan fiskers en skippers, dat by it tsjerkedoarp Almenum hearde. Yn 1234 moat Harns stedsprivileezjes krigen ha. Hannel op Ingelân, Hamburg, Skandinavië en oare Eastseelannen brocht wolfeart. Yn 1500 waard der in earste haven groeven.

Healwei de 16e ieu groeide de stêd eksplosyf: sy ferfjouwerfâldige yn oerflakte, der kaam in festing omhinne en waard foarsjoen fan twa romme binnehavens. De rykdom drukte de stêd út yn fraaie stedspoarten yn renêssânsestyl en in stedshûs. De poarten binne yn de

Hylpen

Hylpen is in opmerklike stêd, dy‘t har rykdom tanket oan de seehannel. Dat is noch altyd ôf te lêzen oan de eksellinte ynterieurkeunst. Lykwols hat de stêd gjin haven. De delsetting hat him ta stêd ûntjûn fanwege de keapfardij foar benammen Amsterdamske keaplju. Hylpen die mei oan it Hanze-ferbûn en yn de 14e ieu bestie der al in bloeiende hannel mei Skandinavië, de Baltyske lannen en Ingelân.

Hylpen wurdt foar in belangryk diel omfette troch de âlde Suderseedyk. By de lytse foarhaven fan hjoeddei mei in havenljocht op it havenhaad stiet in rêdingsloads fan de KNRM. By de slû

Drylts

De stêd Drylts is sûnt 1984 it haadplak fan Wymbritseradiel. It lei oan it begjin fan de folle Midsieuwen, in bloeiperioade, tsjin de súdkant fan de Middelsee oan. De delsetting wie ûntstien oan de mûning fan de Ie, in wichtich wetter foar it ferkear fan súdwest Fryslân. Nei it oanlizzen fan de Himdyk waard it in plak fan oerslach, bedriuwichheid en hannel. Yn 1739 krige it merkrjocht en al gau makke it him as stêd los fan it omlizzende gebiet. Drylts bleau in belangryk plak mei syn ambachten fan benammen skipsbou en oare houtprodukten.

Fan de stêd ôf rint yn eastlike rjochting d

Ljouwert

Ljouwert is ûntstien op in terp út de iere Midsieuwen mei in agrarysk karakter tichtby de Middelsee, Oldehove, en yn de 9e ieu oan wjerskanten fan de mûning fan de Ie opsmiten terpen mei in hannelsdelsetting. Terpen, dy’t yn de Hoogstraten noch altyd goed te erfaren binne.

De âldste fermelding fan Ljouwert is yn de 11e ieu. De houten tsjerke fan Sint-Vitus waard doe ferfongen troch in (dowe)stiennen gebou en yn dy tiid fûn ek de earste dikebou plak. Nei‘t de Middelsee tichtslike wie, wreide de delsetting him yn westlike rjochting út. It swiertepunt bleau op de terpen fan Nijehove

Sleat

Sleat liket in ideale renêssânsestêd: in krús fan wetter en dyk mei in regelmjittige fêsting der omhinne en yn it brânpunt de gebouwen fan it wrâldsk en tsjerklik gesach. Mar it lytse Sleat is âlder as de stichte renêssânsestêden en is ta in ideale foarm groeid. De stedsstruktuer is hast regelmjittich. Yn it skaad fan de feefoerfabryk – yn 1903 as suvelfabryk begûn – stie oant it midden fan de 19e ieu de Kowepoarte dy’t har gelikense hie mei de Wyckelerpoarte oan de oare kant: de twa lânpoarten yn de betiid midsieuske handelswei. De wei krúste hjir de Ie, in belangryk wette

Snits

Snits is oant 1984 ta in karakteristike stedsgemeente bleaun. De stêd krige troch de gemeentlike weryndieling yn 1984 lanlik gebiet mei de doarpen Ysbrechtum, Offenwier en Loaiingea der by. Dat gebiet rikt no ek oant by de Snitser Mar, wêr’t de stêd mei syn wettersportaktiviteiten sterk op rjochte is.

De stêd is oant yn de twadde helte fan de 19e ieu fêst sitten bleaun binnen de stedsgrêften út de 16e ieu dy’t in hertfoarmige plattegrûn foarmen. Dêryn is it noardwestlike part it âldst, in terp wêr’t noch altyd de Martinitsjerke op stiet en even noardliker in hannelsdelsetti

Starum

Starum heart ta de âldste fan de Fryske alve stêden. De delsetting lei geunstich oan inkele wetterwegen, mar wetter is Starum ek needlottich wurden. Nei’t de Sudersee foarme wie, waard it plak kwetsber: stoarmen sloegen stikken fan de stêd fuort, slokten sels it wichtige Odulphuskleaster op.

Al fan de 9e ieu ôf naam Starum diel oan de handelsfeart by de Noardseekust lâns en al gau dêrnei waard it plundere troch de Noarmannen. Starum waard Hanzestêd, krige yn de 12e ieu it tolprivileezje fan de keizer en koe al gau in stêd neamd wurde. foaral oan de seehannel hie Starum har bloei t

Warkum

Warkum wie in iepen stêd sûnder stedsferdigening. De stêd wie smel en lang, fan de slûs oant it Dwersnoard mear as oardel kilometer. Warkum is boud oan wjerskanten fan de oandamme Wimerts. Hoewol de stêd net oan see lei, die se folop mei oan de seehannel. Warkum wie troch it Soal mei de Sudersee ferbûn. Dit wetter hat nei twa kilometer fan de Iselmar ôf in skutslûs mei tsjin de dyk oan in skildereftich gebiet. Hjir leit û.o. herberch Séburch en de mear as trije ieuwen âlde skipswerf De Hoop.

Dat de Warkumers in protte omset hân ha mei seefeart en hannel is oan in protte pronkgev