Regio’s

Deel:

Regio’s



Om Starum hinne

It meast súdwestlike puntsje fan it fêstelân fan Fryslân is in nijsgjirrige hoeke. Mei de auto is it in úthoeke dêr’tst net gau komst. En it boemeltsje Snits – Starum: dêr sitte net grutte kloften minsken yn.... It is dan ek in prachtich, stil gebiet. De woldiedige rêst fan hjoed is in grut ferskil mei it drokke en warbere ferline.

Yn 991 waard Starum plondere troch de Wytsingen (Noarmannen). Blykber wie it yn dy tiid al in woltierige, rike stêd. Tanksij de strategyske lizzing oan de Sudersee wie Starum yn de trettjinde ieu sels útgroeid ta de wichtichste stêd fan Fryslâ


It Amelân

It Amelân

It Amelân hat in soad te bieden. In moaie natuerlike omjouwing dêr`t men alle kanten út fytse en kuierje kin. Meitsje ris in tocht nei It Oerd of noch fierder, De Hon, en ûndergean de romte, de leechte en de stilte. Besytsje de doarpkes en priuw de rike histoarje en eigensinnige Amelanner kultuer. Beklim de fjoertoer fan Hollum en genietsje fan it geweldige útsicht. Of sykje it nóch heger op en meitsje fan it fleanfjild fan Ballum ôf in rûnflecht boppe it eilân. In parasjutesprong heart ek ta de mooglikheden. En mei beide fuotten wer op de grûn kin men dêrnei


De Dokkumer Wâlden

De streek besuden Dokkum stiet bekend as De Dokkumer Wâlden. Dêr leit in sânrêch dêr`t him yn de rin fan de ieuwen in bysûnder lânskip ûntwikkele hat. Karakteristyk binne de elzesingels dy`t de ôfskieding foarmje tusken de stikken lân. Foar it romme, iepen lânskip fan it seeklaaigebiet noardlik fan Dokkum komt hjir in heal ticht, saneamd beamwâlelânskip foar yn it plak.

De ôfwikseling tusken iepen stikken lân, beamwâlen en lytse stikjes bosk jout it gebiet in hiel eigen sjarme. It makket net om `e nocht diel út fan it ’Nationaal Landschap ’De Noordelijke Friese Wouden


De Himmen

Eastlik en súd-eastlik fan Snits leit in prachtich en wiids lânskip mei ferspraat in pear terpdoarpen en ien fan de Fryske Alvestêden: Drylts. It gebiet foarmet de oergong fan it marregebiet nei de eardere Middelsee, in see-earm dy`t Fryslân djip ynkrong út it noarden wei. Hjir leit in oantal saneamde ’himpolders’ dy`t yn de tolfte en trettjinde ieu oanlein binne. Se wiene noadich om’t it gebiet nei it tichtslibjen fan de Middelsee it wetter net mear kwyt koe troch de natuerlike ôfwettering.

De hjoeddeiske bochtige wei fan Westhim, oer Drylts nei Snits folget it trassee fan de


De Peinjumer Halsbân

In yntrigearjende namme foar in yntrigearjend gebiet. Om Penjum hinne leit in prachtich, ieuwenâld lânskip, dêr’t de lange striid tsjin de see noch dúdlik yn waar te nimmen is. ’Penjumer (Gouden) Halsbân’ is de namme fan in stelsel fan wetterkearingen dat Penjum yn earder tiden beskerme tsjin oerstreamingen. It lân om it doarp hinne waard eartiids foar it grutste part omsletten troch De Marne, in kronkeljende see-earm dy`t oan Boalsert ta kaam. In grut part fan de ’halsbân’ is bewarre bleaun of yn ’e oarspronklike steat werombrocht, en foarmet in moaie kuierrûte.

It geb


De Skieding

De ’Skieding’ is de tapaslike namme foar de wei dy`t fan Surhústerfean nei it suden rint. Dy wei is nammentlik de provinsjale grins tusken Grinslân en Fryslân. It lânskip is oan wjerskanten is it risseltaat fan fean- en heide-ûntginnings. It tichte patroan fan lytse weikes, in hiel soad fersprate bebouwing by dy weikes lâns en de karakteristike beamwâlen en elzesingels jouwe it gebiet in lytsskalich, besletten karakter. De kavels binne oer it generaal lang en smel; allinne om de heidedoarpen Boelensloane en Houtigehage hinne is de ferkaveling mear blokfoarmich.

De doarpen yn dit


De westlike Bouhoeke

Foar in soad minsken is Harns de moaiste fan de Fryske alve stêden. Oer smaak kinst fansels tsiere, mar de stêd fan de ’Ouwe Seunen’ hat yn alle gefallen wat dat de oare tsien net hawwe: de unike sfear fan in havenstêd. Yn it wettersportseizoen is Harns in libbene, brûzjende stêd. Mar ek yn de winter soargje de ferskillende havens foar ’libben yn de brouwerij’.

De earste haven waard al om 1500 hinne oanlein. Tanksij de bloeiende hannel en seefeart groeide de stêd yn de twadde helte fan de sechstjinde ieu oermjittich. doe`t de Fryske Admiraliteit yn 1645 fan Dokkum nei Harns


Gaasterlân

Goede waar priizget himsels. Dat jildt eins ek foar Gaasterlân, in unyk stikje Nederlân. It licht gloaiende lânskip lit in tige grutte fariaasje sjen: greiden, boulân, bosk, heide, reidlannen, sompe, wetter, leechlizzende bedike polders en heechlizzende ’gaasten’ en kliffen. Ieuwen lyn al wie it gebiet ’tusken Mar en Klif’ (de Fryske marren en de kliffen by de Iselmar lâns) yn trek as wengebiet foar de adel. En doe`t yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu hiel stadich it toerisme begûn op te kommen, wie Gaasterlân net om `e nocht ién fan de earste gebieten dy`t dêrfan pro


It Bilt

’Hier op `e wadden, wereld fan water en slik, won hij lând út see in weer en wyn, skep foor skep, monnikewerk’.

Dizze tekst op it monumint ’De Slikwerker’, dat by Swarte Haan op de dyk stiet, is typearjend foar de skiednis fan dit bysûndere gebiet. It is noch mar rillatyf koartby dat dêr it wetter fan de Middelsee rûn. Fan de sechstjinde ieu ôf is It Bilt stikje by bytsje op de see wûn. De dêrnei nei-inoar kommende ynpolderingen binne dúdlik te sjen yn it wide lânskip: dat beskaat wurdt troch sawol âlde, minder âlde as nije diken. Dêrtuskenyn is, fan de tekentafel ôf,


It eilân fan Easterein

Yn Westergoa, it gebiet westlik fan de eardere Middelsee, lizze de âldste diken fan Nederlân. De earste dykjes binne oanlein om inkelde pleatsen hinne en de dêrby hearrende ikkers. Fanôf ûngefear 900 binne ringdiken opsmiten om de hieltyd groeiende gebieten hinne: de saneamde ’memmepolders’. Dêrwei waard de rest fan it lân bedike.

It ’Eilân fan Easterein’ is ien fan de fjouwer memmepolders fan Westergoa. Dy polder is noch dúdlik werkenber yn it lânskip. In dyk folget it hiele trassee fan de ringdyk, dy`t sels ek noch foar in grut part oanwêzich is. It súdlike diel fan d


It Fryske Haachje

It Hearrenfean hat ynternasjonale bekendheid fanwegen it reedriden. Thialf wie fan de hiele wrâld de twadde oerkape 400 meterbaan en jildt noch hieltyd as íen fan de iisbanen yn’e wrâld mei de hurdste tiden. Dêrneist is It Hearrenfean fansels bekend fan de fuotbalklup mei deselde namme en it nei de legindaryske fuotballer Abe Lenstra neamde stadion. Mar dizze ’sportstêd’ en har omkriten hawwe mear te bieden, folle mear!

It Hearrenfean is fanâlds in feankoloniale delsetting. Yn 1551 waard troch de notabelen Van Dekema, Van Cuijk en Foeyts, de ’heeren van het veen’, de ’Sc


Omjouwing Lauwersmar

It Lauwersmargebiet

By de Deltawurken tinkt eltsenien daliks oan Seelân en Súd-Hollân, dêr`t yn 1953 de Wettersneedramp plakfûn. Mar de dyk dy`t de Lauwersmar skiedt fan it Waad komt ek fuort út de yn 1955 oannommen Deltawet. Dy dyk waard, nei acht jaar wurk, op 25 maaie 1969 ticht makke.

De eardere Lauwerssee, 9000 ha grut, foel foar it grutste part definityf droech. De heechste stikken waarden ynrjochte foar de lânbou en der kamen rekreative foarsjennings en in militêr oefenterrein. Mar yn it grutste part koe de natuer frij syn gong gean om him te ûntjaan. Om 1980 h


Yn en om Ljouwert

Ljouwert: ien fan de Fryske Alve Stêden, start- en finishplak fan de ferneamde Alvestêdetocht en net om `e nocht al mear as 500 jier de haadstêd fan Fryslân. De lange en rike skiednis is op in soad plakken yn de stêd noch fielber en sichtber.

Tagelyk is Ljouwert in moderne en libbene stêd, wat mei te tankjen is oan de oanwêzichheid fan ferskate ynstellingen foar middelber en heger ûnderwiis en sa’n 20.000 studinten. De stêd hat hiel wat te bieden op it mêd fan keunst en kultuer, film, muzyk, nije media, winkeljen, útgean, ensfh.

Mar lit jo foaral net beheine ta it sintru


Memmepolder Tsjom en omjouwing

Yn Westergoa, it gebiet westlik fan de eardere Middelsee, lizze de âldste diken fan Nederlân. De earste dykjes waarden oanlein om in inkelde pleats en de dêrby hearrende ikkers hinne. Fan om ende by 900 ôf waarden ringdiken opsmiten om hieltyd gruttere gebieten hinne: de saneamde ’memmepolders’. Dêrwei waard de rest fan it lân bedike.

It gebiet om Tsjom hinne is ien fan de fjouwer memmepolders fan Westergoa. Dy leit yn de streek tusken Frjentsjer en Wommels, neffens in protte minsken it moaiste en meast karakteristike stikje Fryslân. En it moat sein wurde: it lânskip dêr is o


Nijlannen

De measte Alvestêdereedriders sille der gjin erch yn hawwe dat se it earste part fan de tocht, fan Ljouwert nei Snits, troch in gebiet ride dat om it jier 1200 noch see wie: de Middelsee. Dat wie in ynham fan it Waad djip it lân yn, dy`t westlik by Ljouwert del rûn, by Raerd nei it westen ôfbûgde en oan de ein oant Boalsert ta kaam. Bij Raerd kaam de rivier De Boarn út yn de Middelsee. In bytsje noardlik dêrfan leit it frij bysûndere Park Jongemastate, dat ek wol Raerder bosk hjit.

De Middelsee dielde Fryslân yn twaen: Westergo en Eastergo. doe`t de see-earm begûn ticht te slykj


Noard Ferwerderadiel

Yn dit gebiet spile him yn 2006 in barren ôf dat oer de hiele wrâld de oandacht loek. Yn it bûtendykse gebiet rekken yn de nacht fan 31 oktober op 1 novimber troch stoarm en springfloed mear as 200 hynders ynsletten troch it wetter. In pear dagen stie de keppel ticht opinoar heappe op in heger lizzend stik lân. Bylden dêrfan én fan de rêdingsaksje giene de wrâld oer en stiene by mannichien yn it ûnthâld printe. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Micky Nijboer, dy’t de rêdingsaksje betocht en mei fiif oare amazônes útfierde. Dêr (en ek op Youtube) steane ek de yndruk


Omjouwing Bakkefean

Tusken wêr’t de Boarn en de Tsjonger har begjin fine - twa rivierkes dy`t it wetter fan it Drintske Plato nei it westen ta ôffiere - leit in ôfwikseljend lânskip mei bosk, heide, sânferstowings, puollen en feanûntginnings. It is it grinsgebiet fan de trije noardlike provinsjes. Allardseach is it ’trije-provinsje-punt’. Dêr leit de ’Landweer’, in ferdigeningswâl út de lette midsieuwen mei greppels oan wjerskanten, dy`t oanlein waard tsjin mooglike oanfallen fan Drinten en Grinslanners. Dit is it earste natuergebiet dat de provinsjale feriening foar natuerbeskerming, It Fryske


Omjouwing Beetstersweach

Beestersweach waard lanlik bekend doe`t de parse der efter kaam dat bûtenpleats Lauswolt de ’geheime’ lokaasje wie foar de besprekkings dy`t úteinlik laten ta it kabinet Balkenende IV. De kar fan de politike lieders foar dy omkriten is net sa frjemd: fier fuort fan alle hektyk, yn it skaad fan it beamtegrien én mei de nedige grandeur. Net om `e nocht stiet Beetstersweach by ’ynwijden’ ek wol bekend as ’it Wassenaar fan het noarden’.

Fanâlds wienen de omkriten fan Beetstersweach al yn trek by de adel en it patrisiaat, dy`t dêr harren bûtenpleatsen mei bûtenferbliuwen bou


Omjouwing Boalsert

Om Boalsert hinne leit in prachtich gebiet mei in tige ynteressante ûntsteansskiednis. Foar in protte minsken is dit op en top Fryslân: spektakulêre fiersichten, skildereftige en ferstille doarpkes, tsjerken op noch âldere terpen mei ieuwenâlde restanten fan âlde diken, eardere seeslinken...

De striid tsjin it wetter is hjir dúdlik te fielen en te sjen. De see wie trouwens net allinne mar fijân. Mei tank oan de see koe Boalsert him ommers ûntwikkelje ta in rike hannelsstêd. En fan dy bloei profitearre it omlizzende gebiet ek mei.

Dêr wêr’t hjoed de dei auto’s rjochting


Omjouwing Drents-Fryske Wold

Der sille mar inkelde bern út de noardlike provinsjes wêze dy`t dêr nét ea op skoalreiske west ha: Appelskea. Dy namme hat foar in soad noarderlingen in wol hast magyske klank. De bysûndere oanlûkingskrêft komt bygelyks ta utering yn de namme ’Kobus gaat naar Appelscha’ (in súksesfolle punkband út de jierren tachtich fan de foarige ieu) en it programma ’Groeten uit Appelscha’ fan Omrop Fryslân.

Al sûnt de jierren tweintich fan de foarige ieu binne Appelskea en omkriten in toeristyske ’trekpleister’. En dat is net sa frjemd: de skientme fan it grinsgebiet dêr tusken