Gewesten

Deel:

Gewesten



Mid-Fryslân: brûzjend sintrum én oaze fan rêst

Tusken Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Snits, de fjouwer grutste plakken fan de provinsje, leit it klopjende hert fan Fryslân. It gebiet wurdt omsletten en trochsnien troch in oantal snelwegen en spoarlinen en it Prinses Margrietkanaal. Dêrwei hawwe jo hiel Fryslân, mei al syn ôfwikseling en fariaasje, tichtby.

Mar it gebiet hat ek fan himsels mear as genôch te bieden foar in koarter of langer ferbliuw. Fanâlds spilet de wettersport dêr in belangrike rol. Grou en Earnewâld wienen de earste echte wettersportdoarpen fan de provinsje en de Snitser Mar is miskien wol de bekendst


It Waad: wrâlderfgoed

It Waad is unyk yn de wrâld. Net foar neat is it grutste diel troch UNESCO betitele as Wrâlderfgoed. It lânskip is nei de lêste iistiid, likernôch 7000 jier ferlyn, ûntstien. Geologysk besjoen is dat tige jong. En noch hieltyd feroaret it lânskip, suver wylst men der nei sjocht.

Ek wat de libbene natoer oanbelanget is it Waad unyk. Nearne yn ’e wrâld is der sprake fan ferlykbere rykdom en fariaasje. Der libje mar leafst 10.000 ferskillende planten en bisten. Dat binne fêste bewenners mar ek in hiele protte oare besikers: 10 oant 12 miljoen trekfûgels meitsje gebrûk fan dit ge


Noardeast-Fryslân: waad, wâlden en terpen

It noardeasten fan Fryslân is ít foarbyld fan wat se yn Dútslân sa treffend in ‘Geheimtipp’ neame. It gebiet is foar it grutste part noch net ûntdutsen, is hiel ôfwikseljend en hat foar elk wat te bieden. Wat wolle jo noch mear?

Nearne yn Fryslân treffe jo in streek mei safolle fariaasje yn lânskip en natuer: it unike, healiepen lânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden (net sûnder reden oanwiisd as Nasjonaal Lânskip) mei neistlizzend Nasjonaal Park De Alde Feanen; it monumintale terpegebiet mei syn prachtige fiergesichten; Nasjonaal Park Lauwersmar; en ’flak om ’e hoek

Noardwest-Fryslân: terpen, diken en polders

Yn gjin inkelde oare streek is de ieuwenlange striid tsjin it wetter mear ’oanwêzich’ yn it lânskip as yn Noardwest-Fryslân. De ieuwenâlde terpen en de ymposante hjoeddeiske waaddyk binne it meast opfallend. Wat minder dúdlik oanwêzich binne alle âlde diken dy`t har troch it gebiet slingerje, mei dêrûnder de romrofte Slachtedyk.

Yn de midsieuwen wie it noardwesten fan Fryslân noch in eilân, Westergoa. It waard omsletten troch de Middelsee en de Marne, twa see-earms dy`t tusken Boalsert en Snits byelkoar kamen en stadichoan tichtsliken en ynpoldere waarden. De ûntsteanssk


Súdeast Fryslân: beken, bosk en heide

Fryslân is mear as allinne marren, terpen, diken en de alve stêden. It is ék in gebiet fan feanûntginnings, heidefjilden, bosk en beken. Mei-inoar foarmje dy it unike lânskip fan Súdeast Fryslân.

Dêr giet Fryslân stadich oer yn Drinte en Oerisel. Lânskiplik, mar ek wat de kultuerhistoarje en de taal oangiet. Súdlik fan de Tsjonger lizze “de Stellingwerven”, dy’t oant 1504 selsstannich wienen. In part fan de befolking praat dêr Stellingwerfsk, in taal dy’t mear besibbe is oan it Drintsk, it Grinslânsk en it Platdútsk as oan it Frysk.

Súdeast Fryslân hat in oan


Súdwest-Fryslân: marren, kliffen en stêden

Foar in hiele protte besikers stiet Fryslân synonym foar it súdwestlike diel fan de provinsje, mei al syn wetter. Oan dy prachtige krite hat Fryslân syn reputaasje te tankjen as wettersportprovinsje by útstek. En dat is ek net sa frjemd, as jo neigeane wat de regio datoangeande te bieden hat: in omfangryk stelsel fan marren, plassen en fearten, in grut ferskaat fan gesellige wettersportplakken en de Iselmar ’flak om ’e hoeke’. In wier paradys foar wettersporters!

Mar Súdwest-Fryslân is folle mear as allinnich mar wetter. Ek sûnder boat, kano of surfplanke is it gebiet sûnder